WINSUM.NU

« Terug naar overzicht

29 maart Petear yn MFC De Heling oer de werindeling

Wat is de stân fan saken yn de weryndieling? De gemeente komt lâns



Yn 2013 hat it kolleezje by alle doarpen op besite west om de miening fan de ynwenners te hifkjen oer de weryndieling. Mear as tûzen ynwenners wienen doe oanwêzich by dy ynspraakjûnen. No binne wy trije jier fierder en komt de gemeente wer graach del om fan de ynwenners te fernimmen oft der noch soargen oer of oandachtspunten foar de weryndieling binne.



Petearstof

Op 29 maart komt de boargemaster lâns om mei de ynwenners fan Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp – de fjouwer doarpen dy’t mei Waadhoeke weryndiele - te praten oer dit ûnderwerp. It folgjende komt oan ‘e oarder:

* De aktuele stân fan saken fan de weryndieling (hoe rint it proses?)

* De boargemaster hat in list makke mei punten dy’t de oandacht freegje foar de weryndieling. Dy list – mei de titel Fan âld nei nij – is as taheakke by dit artikel foege en sil bepraat wurde. Yn it bysûnder de punten dy’t der foar jim doarpen op steane. Stiet alles derop of moat de list oanfold wurde? Jim ynbring is nedich!

* Romte foar oare fragen, soargen en/of opmerkings út it doarp. 





MEDEDELINGEN

SOCIALE MEDIA

Binnenkort meer...

COLOFON

Deze website is opgezet door Dorpsbelang en de Algemene Ondernemersvereniging Winsum in samenwerking met de NijsDok. De informatie op de site wordt zo vaak mogelijk aangevuld of aangepast.

CONTACT

Winsum.nu

info@winsum.nu