WINSUM.NU

« Terug naar overzicht

SINTEKLAZEMEARKE WINSUM 'GRUTFERLET' 2016

"SINTEKLAZEMEARKE WINSUM 'GRUTFERLET' 2016"

Noch efkes en it is wer safier, it njoggende Sinteklazemearke yn Winsum. 

It mearke bringt dit jier de rockmusical Grutferlet. Grutferlet is in soartefan teaterpretpark foar basisskoallebern dy't dêr op skoallereiske geane.
Teater, muzyk, spultsjes en snobbersguod steane sintraal. As de bysûndere juf Elske mei har klasse yn Grutferlet delstrykt wurde de mannen fereale en de froulju jaloersk. En dat alles hat grutte gefolgen. 

Yn Grutferlet is in live band dy't de muzyk fersoarget. Grutferlet is in nije musical dy't yn de fierte ynspireard is op Cabaret en de Kloklieder fan Nijdaam. Grutferlet is in mearke dy't past yn de rige Sinteklazemearkes fan de ôfrûne jierren. In orizjineel mearke yn in aktueel jaske mei hilaryske wurdboarterijkes en oare grapmakkerijkes.
De spilers fan Grutferlet binne: Aly Louwsma, Anke Boersma, Jan Tiede Bouma, Wybo Smids, Derk Smids, Tineke Boersma, Jent Louwsma, Lineke Fopma en Vera de Vries. De rezjy is wer yn hannen fan Tjerk Kooistra.

De skoalfoarstellings binne op 29, 30 novimber en 1 desimber. Sa’n 1.100 bern en begelieders sille dizze foarstellings besykje!

Ek nijskjirrich wurden?
We moetsje jo graach yn Grutferlet op ien de folgjende mominten:
27 novimber 14.00 oere Premjêre (Iepenbiere foarstelling)
2,3 en 4 desimber (Iepenbiere foarstellings).

Sjoch foar mear ynformaasje en kaartferkeap op ús webside: www.mearke.nl

 





MEDEDELINGEN

SOCIALE MEDIA

Binnenkort meer...

COLOFON

Deze website is opgezet door Dorpsbelang en de Algemene Ondernemersvereniging Winsum in samenwerking met de NijsDok. De informatie op de site wordt zo vaak mogelijk aangevuld of aangepast.

CONTACT

Winsum.nu

info@winsum.nu